‘Hier hebben we geen straattaal, daar is te weinig straat voor’, skreau de Fryske rapper MC Remon sa’n tweintich jier lyn. Hy bedoelde dat as grap, mar miskien sit der wol in kearn fan wierheid yn. Noch altyd bestiet der, safier’t ik wit, amper Fryske strjittaal. Wêrom eigentlik?