Fan 2026 ôf wol de provinsje Fryslân twatalige ferkearsbuorden ynfiere. In logyske stap yn in twatalige provinsje, en dêrom reagearre De Fryske Beweging yn jannewaris tige entûsjast. Mar dat entûsjasme is omslein yn krityk: de provinsje wol nammentlik dat it Nederlânsk boppe it Frysk te stean komt. In flinke flater.