„Agoeie!” rop ik tsjin ús nije buorman. Breed laitsjend komt er op my ta. Hy hat in swarte rolkoffer beet, dy’t efter him oan oer de dyk hobbelet. It is moarns betiid en ik sil hast mei de auto nei it wurk ta. Buorman makket gebaren en besiket my wat dúdlik te meitsjen. Hy wol graach wat kwyt, mar ik snap der neat fan.